Kontrôle op lânbouferkear

De plysje begjint freed wer mei de kontrôles op it lânbouferkear. De plysje docht dat yn de maitiid en de hjerst, want dan binne de boeren it meast ûnderweis mei trekkers en grut ark. Noch altyd is lânbouferkear faak belutsen by slimme ûngelokken.
De plysje sjocht by de kontrôles dit jier foaral nei ûnderdielen dy't yn de hef fan de trekker pleatst wurde kinne. Dêr heart in boerd mei reade en wite strepen op te sitten, mar dat is faak net it gefal.