Grou krijt in Hema

14 apr 2011 - 17:00

Grou krijt in festiging fan de Hema. De winkel komt oan de Haadstrjitte yn it gebou dêr't no noch de Rabobank sit. Dy ferhuzet nei in nij gebou fierderop yn de strjitte. De komst fan de Hema jout neffens de gemeente in positive ympuls oan it winkelbestân fan it doarp.

De Hema hat jierren ferlyn al oanjûn dat se graach in winkel yn Grou hawwe wolle. De nije winkel smyt tsien nije banen op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)