Steatebankjes opnij beklaaid

14 apr 2011 - 15:58
  • Foto's: Omrop Fryslân

De stuollen en banken fan de steateseal fan it provinsjehûs wurde op dit stuit opnij beklaaid troch heit en soan Veldhuis út Ljouwert. Heit Veldhuis kriget dêrmei syn eigen wurk wer troch de hannen. Yn 1983 hat er alle stuollen en banken yn de steateseal ek al stoffearre.

Heit en soan Gerard Veldhuis beklaaie mei-inoar 52 bankjes en skriuwblêden en mear as santich earmleunings. It wurk moat foar 1 july klear wêze, foar it nije provinsjehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)