Judoles fan wrâldkampioen

14 apr 2011 - 14:34
  • Foto's: Remco de Vries/Omrop Fryslân

Fjouwerhûndert bern fan acht basisskoallen út de omkriten fan It Hearrenfean krigen tongersdei judoles fan wrâldkampioen Ruben Houkes. Hy helle de titel yn 2007 en in jier letter Olympysk brûns yn Beijing.

De ekstra les is de ôfsluter fan seis wiken lang judo op de skoallen sels. It is in inisjatyf fan schooljudo.nl en Ynstitút Judo Edwin Steringa mei it Judobûn Nederlân. De gemeente betelle deroan mei. Houkes besocht de bern entûsjast te krijen en dat slagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)