Kramer (FNP) wurdt deputearre

14 apr 2011 - 13:43

Johannes Kramer fan de FNP wurdt ien fan 'e deputearren yn it nije provinsjebestjoer. Dêrmei leveret de partij foar it earst in deputearre. Ein dit jier bestiet de FNP fyftich jier.

Earder hie benammen it CDA muoite om te regearen mei de FNP. Dat probleem is der no net mear. De PvdA sit ek yn deputearre steaten. Alle trije dielnimmende partijen FNP, CDA en PvdA hawwe stimmen ferlern by de ôfrûne provinsjale ferkiezings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)