Narsingh werom yn basis

14 apr 2011 - 13:38

Sportklup Hearrenfean krijt freedtejûn FC Utrecht op besite. It gat tusken beide ploegen is fiif punten. Utrecht stiet noch achtste, mar de ploech is de lêste wiken fan slach.

By de thúsploech, de nûmer trettjin, komt Luciano Narsingh werom yn de basis. Oussama Assaidi wurdt de oanfallende middenfjilder achter spits Bas Dost. De opstelling: Stuhr-Ellegaard, Janmaat, Gouweleeuw, Kruiswijk, Breuer, Väyrynen, Assaidi, Haglund, Narsingh, Dost en Beerens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)