Fytster slim ferwûne yn Stiens
By in slim ûngelok op de Wythústerwei yn Stiens is tongersdeitemoarn in frou swier ferwûne rekke. Se fytste fan de stoep ôf de dyk op en waard oanriden troch in auto dy't krekt fan de Gysbert Japicxstrjitte kaam.
De frou is mei swiere ferwûnings nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok krekt barre koe.