Militêren gjin trucksjauffeur

14 apr 2011 - 11:56

Fuortbesunige militêren moatte der net op rekkenje dat se oan de slach kinne yn de transport yn it Noarden. Yn Fryslân binne gjin fakatueres te ferwachtsjen, seit Reinder Reinsma fan Tranport en Logistyk Nederlân.

Definsje hat mei de sosjale partners yn de transport in yntinsjeferklearring tekene om tûzenen Definsjemeiwurkers yn de transport en logistyk ynstreame te litten. Lanlik sjoen ûntstiet yn de transport personielskrapte en is der wol ferlet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)