Stopteken motorplysje negeare

De plysje hat woansdei de rydbewizen fan trije automobilisten yn beslach naam. In 38-jierrige Ljouwerter waard oanhâlden op de A7 by Aldehaske. De man ried mei de auto yn op in motorplysje dy't in stopteken joech. Nei in twadde teken stoppe de man dochs. Hy misledige de plysjeman.
Twa drankriders, in 55-jierrige man fan It Hearrenfean en in 55-jierrige man út Wolvegea waarden yn harren eigen wenplak oanhâlden.