Frysk kolleezje bekend

13 apr 2011 - 20:37
  • Johannes Kramer wurdt earste FNP-deputearre

It nije kolleezje fan deputearre steaten yn Fryslân bestiet út de PvdA, it CDA en de FNP. De trije partijen ha in akkoart berikt foar de kommende fjouwer jier. Freed wurdt it nije kolleezje presintearre. Nije wike sille dan de deputearren ynstallearre wurde. De FNP nimt it plak yn fan de ChristenUnie dy't de ôfrûne fjouwer jier yn it kolleezje siet.

CDA-ûnderhanneler Sjoerd Galema twittere it nijs. Formateur Margreeth de Boer hat it befêstige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)