Sintrum alert op drugsdealers

13 apr 2011 - 19:36

De trije teenersintra yn Drachten binne ekstra alert op drugsdealers, nei in ynsidint mei in XTC-ferkeaper ferline wike. Doe seach ien fan de jongereinwurkers dat in dealer kontakt socht mei de jongeren. Hy krige te hearren dat de dealer letter wer weromkomme soe en skeakele de plysje yn.

Uteinlik slagge it net om de dealer te pakken. By de teenersintra binne buordsjes ophongen om te warskôgjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)