Brief tsjin komst wynmûnen

13 apr 2011 - 19:25

Doarpsbelang Reduzum hat in brief stjoerd nei de gemeente Boarnsterhim en de provinsje oer de mooglike komst fan in wynmûnepark by de A32 lâns tusken Idaerd en Grou. Neffens Doarpsbelang Reduzum is in grutte mearderheid fan Reduzum, Friens en Idaerd tsjin de komst fan de mûnen.

Yn de brief wurde de gemeente en de provinsje oproppen om ôf te sjen fan it mooglik meitsjen fan it bouwen fan de wynturbines by de sneldyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)