Ferkearde brieven ferstjoerd

13 apr 2011 - 16:48

Friezen dy't rjocht hawwe op skinking fan wetterskipslesten hawwe ferkearde brieven krigen mei persoanlike gegevens fan oaren derop. It bedriuw Hefpunt dat de belestingen foar it wetterskip regelet, seit dat it giet om 118 brieven dy't ferkeard út de printer rôle binne. De dupearren sille dizze wike in ekskúsbrief krije.

Elk foarjier moatte ynwenners fan Fryslân wetterskipslesten betelje. Wa't yn de bystân sit of in leech ynkommen hat, kin skinking oanfreegje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)