Smel'lân en H'fean wolle fúzje

13 apr 2011 - 16:19
  • De ried fan Smellingerlân

Smellingerlân en Hearrenfean wolle in fúzje tusken de twa gemeenten mooglik dochs trochsette. De kolleezjes fan beide gemeenten skriuwe dat oan de gemeenterieden. It leafst soene de gemeenten apart fan elkoar bliuwe, wêrby't Drachten en It Hearrenfean in gebiet om har hinne krije en beide gemeenten sa'n 90.000 ynwenners krije.

Dêr liket it lykwols net op nei in advys fan in rapport fan de Kommisje fan Wizen, dy't yn opdracht fan de provinsje dat rapport makke hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)