Jeugdsoas siket nij bestjoer

13 apr 2011 - 12:42

De jeugdsoas fan Ternaard is op syk nei in nij bestjoer. It âlde bestjoer is opstapt omdat se de saak net mear ûnder kontrôle hie. Der sil no op inisjatyf fan de gemeente mei de jeugd praat wurde. Salang't dat net bard is, bliuwt de soas ticht.

Doarpsbelang Ternaard sil yntusken op syk nei nije frijwilligers. Want jeugdsoas De Hingel is belangryk foar it doarp. Der binne al in pear minsken ree fûn om in sit yn in nij bestjoer te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)