Wyldspegels by de dyk pleatst

13 apr 2011 - 12:29

Yn Noardeast-Fryslân wurde wyldspegels by de diken pleatst om it tal ûngelokken mei wyld werom te bringen. Der komme de lêste jierren bygelyks folle mear reeën yn it gebiet foar en de bisten binne folle faker belutsen by oanridings.

De wyldspegels moatte foarkomme dat de bisten samar oerstekke. It pleatsen fan de spegels is in gearwurking fan de gemeenten, It Fryske Gea en de Wyldbehearsienheid It Bûtenfjild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)