Himpkwekerij yn Drachten

13 apr 2011 - 10:47

De plysje hat tiisdeitemoarn op in wenboat yn de Bollemanhaven yn Drachten in himpkwekerij ûntmantele. De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei anonime tips. Se fûnen 176 planten ûnder de wenromte fan de wenboat.

Alle apparatuer en planten binnen yn beslach nommen. De 30-jierrige bewenner waard oanhâlden en tsjim him waard proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)