Twa autoriders rydbewiis kwyt

13 apr 2011 - 10:43

Twa automobilisten hawwe tiisdei har rydbewiis ynleverje moatten neidat se troch de plysje fan de dyk helle wiene. Yn Feinsum ried in 55-jierrige man út Boalsert 111 op in plak dêr't 60 de maksimumsnelheid is.

Yn Ljouwert waard in 54-jierrige man út dat plak tiisdeitejûn betrape op it riden mei drank op. Hy krige in rydferbod fan njoggen oeren en in bekeuring.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)