Swierferwûne by botsing beam

13 apr 2011 - 10:17

In 20-jierrige man út Suwâld is tiisdeitejûn swierferwûne rekke by in iensidich ûngefal op de Gaestmabuorren by Burgum. De man is om ûnbekende reden fan de dyk rekke en frontaal tsjin in beam botst.

De brânwacht hat de man út de auto helle. De traumahelikopter waard ek ynset, mar it slachtoffer is úteinlik ûnder begelieding fan de trauma-arts nei it sikehús yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)