Oefening op it Waad

13 apr 2011 - 07:42
  • De Maritime Akademy yn Harns

De learlingen fan de Maritime Akademy yn Harns belibben tiisdeitejûn tidens in oefening op de Waadsee spannende mominten op it trainingsskip de Maxima. Se moasten ûnder oare in brân yn de masinekeamer de baas wurde en slachtoffers fan dy brân moasten evakueard wurde. It skip lei op dat momint midden op see en it waaide stevich.

Oan de oefening diene ek de KNRM en in SAR-helikopter mei. Mei-elkoar wurdt sjoen oft elk goed genôch traind is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)