Undernimmerspriis yn New York

De ferkiezing foar de Fryske Undernimming fan it Jier moat takom jier yn New York plakfine. Dat hopet foarsitter Jorrit Volkers fan de organisaasje fan it evenemint.
Neist de priisútrikking soe de trip nei New York dan ek saaklike kontakten mei Amerikaanske bedriuwen opsmite moatte. Der moat minimaal ien fleantúch mei Fryske ûndernimmers de Atlantyske Oseaan oerstekke om de ferkiezing yn New York mooglik te meitsjen.