Mear Frysk yn Súdwest Fryslân

12 apr 2011 - 22:11

Europeeske regels foar minderheidstalen meitsje dat de nije gemeente Súdwest Fryslân Fryske folders, Fryske houlikstaspraken en Fryske brieven ynfiere moat. De regels skriuwe foar dat net ien fan de ynwenners fan de nije gemeente der op efterút gean mei, as it giet om it brûken fan de Fryske taal. Tusken de fiif âlde gemeenten bestiene grutte ferskillen. Yn Snits, Wymbrits en Wûnseradiel wie al in soad regele foar it gebrûk fan it Frysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)