Provinsje:gjin jild foar diken

De provinsje sil tenei net mear meibetelje oan de oanlis en ferbettering fan gemeentlike diken. De provinsje hâldt dêrmei op omdat it ryk takom jier trije miljoen minder jout foar ferkear en ferfier.
It ryksjild wurdt foar it grutste part stutsen yn it ride litten fan bus en trein. Om it iepenbier ferfier op peil te hâlden, besuniget de provinsje op oare ferkearssaken en wurde bydragen oan gemeentlike diken skrast.