Weststellingwerf minder grien

De gemeente Weststellingwerf wurdt mooglik in stik minder grien. De gemeente moat besunigje en ek it budzjet foar it grienûnderhâld giet drastysk omleech. Om it finansjele plaatsje dochs rûn te krijen binne der inkele nije maatregels naam. Sa sille der gjin nije beammen plante wurde as der kapt is. En ek sil der minder faak gersmeand wurde.
De gemeente ferwachtet dat der yn 2012 mear fan soksoarte maatregels nedich binne.