'Grien boekje' Frysk nedich

Der moat in 'grien boekje' foar de Fryske taal komme. De steatefraksje fan GrienLinks fynt dat de provinsje it inisjatyf nimme moat foar in offisjele wurdlist foar it Frysk.
De Nederlânske fersy fan dy list stiet bekend as it 'groene boekje'. Yn de wurdlist is yn ien eachopslach nei te gean wat de krekte stavering is. GrienLinks fynt dat de provinsje 'm ynsette moat foar sa'n list, omdat it ek de provinsje wie dy't yn 1980 de nije stavering fêststeld hat.