Fia kompjûter de natuer yn

12 apr 2011 - 17:27
  • De learlingen fan Impulse dwaande mei de game

Tsientallen learlingen út Kollum ha tiisdei meidien oan in spesjaal kompjûterspultsje yn grutte natuergebieten. It spultsje mei de namme NTR10, spilet him ôf yn 2050 en dan binne der ferskate bistesoarten útstoarn dy't der no noch wol binne.

De bedoeling is dat de learlingen útsykje hoe't de bisten ferdwûn binne. Sa kinne de bern in soad saken foar it fak biology opstekke. It spultsje waard ûnder oare yn de Alde Feanen en it Lauwersmargebiet spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)