Ousterhaule wol feart werom

De âlde farferbining fan Ousterhaule nei de Tsjûkemar moat hersteld wurde. Dat fine ferskate ynwenners fan it doarp. Se hawwe dêrfoar de stichting Oustertrijegeaster Poel oprjochte. Ousterhaule leit tichtby de Tsjûkemar en soe dêr fia de Skarster Rien op oansluten wurde kinne.
Dêrfoar moat in âlde feart by it doarp útgroeven wurde. Neffens de stichting ferbetteret de farferbining de leefberens fan it doarp.