Oanhâlding oerfal Easterwâlde

De plysje hat snein opnij in fertochte oanhâlden yn de saak fan de oerfal op in famylje yn Easterwâlde. It giet om in famke fan 19 út Nieuw-Vennep. In groep oerfallers drong ein febrewaris in hûs oan De Fenne binnen en mishannele ien fan de bewenners. De oaren waarden bedrige en moasten jild jaan.
Fuort nei de oerfal koe de plysje al twa fertochten oanhâlde út IJmuiden en Nieuw Vennep. Letter waarden ek noch twa út Assendelft en Nijkerk oppakt.