Studinten komme yn aksje

Tûzenen studinten demonstrearje tiisdei yn Den Haach tsjin de besunigings yn it heger ûnderwiis. Meielkoar wol it kabinet 375 miljoen euro besunigje op dat heger ûnderwiis. Dat moat byelkoar brocht wurde troch ûnder oare in boete foar langstudearders. Sy moatte dan 3000 euro ekstra kolleezjejild betelje.
Neffens de studinten stiet der kwalik wat tsjinoer. Fanút Fryslân sille tiisdei ek studinten nei Den Haach ta.