Utdjipjen fargeul yn gefaar

11 apr 2011 - 19:38

It útdjipjen fan de fargeul de Boontjes by Harns driget fertraging op te rinnen. Neffens de VVD-fraksje wol Rykswettersteat earst in nij ûndersyk dwaan litte. Dêrtroch soe it net langer slagje om de fargeul dit jier op djipte te bringen. It ministearje fan ferkear en wettersteat en de provinsje ha dat yn 2009 fêstlein.

De VVD wol no dat de gemeente Harns oan de bel lûkt by Rykswettersteat. Neffens de VVD hat it bedriuwslibben in soad lêst fan de sânbank by Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)