40 moanne easke tsjin poaier

11 apr 2011 - 15:08

It Iepenbier Ministearje hat yn heger berop 40 moanne selstraf easke tsjin de Ljouwerter poaier dy't seks hie mei twa famkes fan 14 en 15 jier. De famkes woene as maatskiplike staazje yn de prostitúsje wurkje.

Foardat de man de famkes mei klanten yn kontakt brocht, hie er sels seks mei se. De rjochtbank feroardiele de man ta twa jier sel, mar fûn him net skuldich oan frouljushannel. Om dy reden gie it Iepenbier Ministearje yn heger berop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)