Van Boxel bliuwt by Cambuur

11 apr 2011 - 14:20

Robert van Boxel giet derfan út dat hy by SC Cambuur bliuwt. It kontrakt fan de ferdigener, dy't op 20 febrewaris swier blessearre rekke oan syn achillespees en dit seizoen net mear yn aksje komme sil, rint oan de ein fan it seizoen ôf.

Van Boxel hopet ein septimber wer fit te wêzen om ferfolgens in nij kontrakt te tekenjen by de Ljouwerters. "De mensen die daar bij Cambuur over gaan hebben aangegeven dat het wel goed komt",sa seit Van Boxel yn in reaksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)