Masinist Starum wurdt ferfolge

11 apr 2011 - 13:03

De masinist (59) fan 'e slyptrein dy't july ferline jier yn Starum dwers troch in wettersportwinkel ried, wurdt ferfolge troch it iepenbier ministearje. De man út it Twentske Goor wurdt ferwiten dat er troch syn neilittichheid it treinûngelok feroarsake hat. De trein waard bestjoerd troch in Italiaan, mar hy wie neffens it IM net ferantwurdlik.

De 59-jierrige man wie oan board om de feilichheid yn de gaten te hâlden en hie de rûte kinne moatten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)