Ride sûnder rydbewiis

11 apr 2011 - 10:11

In jonge fan 17 jier út Ljouwert is snein oanhâlden om't er in auto bestjoerde. De plysje wie dwaande mei in snelheidskontrôle en om't de jonge te hurd ried, waard er oan de kant set. Hy koe him net legitimearje en doe woe de plysje him meinimme nei it buro. Doe sei de jonge dat er noch mar 17 jier wie en dus gjin rydbewiis hie.

De Ljouwerter hat in boete krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)