Man pakt mei ferbean wapen

De plysje hat sneintejûn yn Dokkum in ynwenner (23) fan Twizelerheide oanhâlden foar ferbean wapenbesit. De plysje hie in melding krigen dat in man in swier wapen ha soe. It die bliken dat er yn in hoarekasaak oan de Markt siet. De plysje liet de besikers ien foar ien nei bûten komme om se dêrnei te fûllearjen.
Der binne gjin wapens fûn. Yn de auto fan de fertochte fûn de plysje in grut sinesappelkanon. Kanon en auto binne yn beslach naam. De fertochte sit fêst.