VC Snits ferliest bekerfinale

10 apr 2011 - 16:53
  • Snits tsjin Weert (foto: awfoto.nl)
  • De ferliezers tanke it publyk (foto: awfoto.nl)

De follybalfroulju fan Snits hawwe snein kânsleas mei 3-0 de nasjonale bekerfinale ferlern fan Weert. Yn it topssportsintrum Almere koe Snits yn de earste set mei 25-22 noch meikomme. Yn de twadde set wie Weert op ferskate ûnderdielen sterker, dat resultearre yn in 25-10 ferlies.

De meireizge supporters fan Snits seagen it team fan coach Petra Groenland de tredde set mei 25-14 ferliezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)