Fryske boeken:mear jild nedich

It Skriuwersboun fynt dat it nije kolleezje fan deputearre steaten mear jild frijmeitsje moat foar Fryske útjeften. Op de gearkomste fan sneon ha de leden fan it Skriuwersboun de ûnderhannelers fan it nije kolleezje oproppen om it besteande budzjet fan 90.000 euro te ferdûbeljen.
Neffens de skriuwers is mear jild nedich om Fryske útjeften ek yn nije ferskiningsfoarmen lykas e-books en audioboeken de fuotten ûnder it gat te jaan.