Oppakt foar poging ta deaslach

Yn de Griene Stjer hat de plysje sneontemiddei in Ljouwerter (26) oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling en poging ta deaslach.
De man hie yn in wente oan de Vredeman de Vriesstrjitte syn freondinne (25) swier mishannele. Nei it mishanneljen ried de man yn hege snelheid mei de auto fuort, wêrby't er hast ferskate fuotgongers en in snorfytser omried. De man koe letter yn de Griene Stjer troch de plysje oanhâlden wurde. Hy hie doe bloed op syn boppeliif.