Wichtige útoerwinning Snits WS

De fuotballers fan Snits Wyt Swart hawwe sneontejûn in belangrike útoerwinning boekt tsjin Rohda Raalte. It waard 1-0 sadat de ploech fan trainer Johan Groote noch mooglikheden hat om de neikompetysje te ûntrinnen. Ramon Giró Batalla skoarde de treffer krekt foar rêst, neidat der in soad kânsen troch de Fryske sneinshaadklasser mist waarden.
Snits WS hat noch fjouwer wedstriden te gean en hopet ien plakje op de ranglist te klimmen, dan is it feilich.