Nij fjild foar Fryske Peallen

10 apr 2011 - 13:47
  • Blessearre fuotballer yn Fryske Peallen

Fuotbalferiening RWF út Fryske Peallen krijt 45.000 euro fan Opsterlân foar in nij reservefjild. It fjild dat der no leit wurdt troch de feriening in knollefjild neamd. Gefolch is dat in soad spilers blessueres oprinne.

Tsjinstanners wegerje te fuotbaljen. Hjirtroch hawwe guon alvetallen noch mar in kwart fan 'e wedstriden spile. De klup moat sels noch 15.000 euro bylizze om it fjild te beteljen. Dit bart mei help fan sponsors.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)