Cambuur rjochting play-offs

10 apr 2011 - 12:54

Cambuur kin moandeitejûn sa goed as wis in plakje yn de neikompetysje helje. Dan moat der wol wûn wurde fan FC Den Bosch.

De Ljouwerters geane noch fol foar it fyfde plak. Dat betsjut dat sy de earste ronde fan 'e neikompetysje frij binne. Gijs Luirink is skorst foar de wedstriid tsjin Den Bosch. Paul Beekmans sil nei alle gedachten syn plak yn de ferdigening ynnimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)