Bannen lekstutsen fan 6 auto's
Yn de Professor Wassenberghstrjitte yn Frjentsjer binne sneontenacht by seis auto's de bannen lekstutsen. Tsjûgen seagen in 20-jierrige ynwenner fan de stêd troch de buert rinnen en warskôgen de plysje.
Dizze koene de man oanhâlde yn in wenning. Dêr fûnen de aginten in grut mes. De man is oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo.