Beton fernielt smoargensauto

In smoargensauto fan de gemeente Weststellingwerf is fernield rekke trochdat in ûnbekend persoan in grut stik beton yn in grize kontener smiten hie. De fizels fan de sydbelader rekken dêrtroch ûntset. De bestjoerder krige in steuring op syn skerm yn de auto te sjen. Ut ynspeksje die bliken dat de fizels slim skansearre wiene, troch dat stik beton.
Neffens de gemeente Weststellingwerf kostet it in pear tûzen euro om de wein te reparearen.