'Reis 2018' begjint op It Bilt

09 apr 2011 - 17:45

De reis 2018. Dat is de namme fan de kampanje, dy't derfoar soargje moat dat Fryslân yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa wurdt.

Yn Sint Jabik is sneontemiddei de ôftraap jûn. Fryslân wol yn 2018 graach kulturele haadstêd fan Europa wurde en giet earst de striid oan mei Den Bosch, Den Haach, Maastricht en Utrecht, dy't allegearre deselde ambysje ha. De kommende jierren wurde tsientallen doarpen oandien om sa de ynwenners entûsjast te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)