600 keunstners nei Belvédère

09 apr 2011 - 17:11

Goed 600 keunstners ha sneon meidien oan de foarronde fan de Zomerexpo 2011 yn museum Belvédère op It Hearrenfean.

De Zomerexpo 2011 is in grutte lanlike tentoanstelling dy't fan 't simmer hâlden wurdt yn it Gemeentemuseum fan Den Haach. Der binne trije foarrondes yn Den Bosch, Amsterdam en op It Hearrenfean. In saakkundige sjuery sil it bêste wurk útkieze yn trije genres: lânskip, stilleven en portret. Uteinlik sille 250 wurken trochgean nei de eksposysje yn it Gemeentemuseum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)