Winst foar ONS Snits

09 apr 2011 - 16:45

ONS Snits wûn yn de sneons haadklasse mei 2-1 fan SDC Putten. Putten kaam noch wol op in 1-0 foarsprong. Yn de twadde helte skoarde Van Marle de 1-1 troch in ôfstânskot. Matchwinner waard Arnold Herder, mei in folley.

Drachtster Boys hie yn deselde haadklasse in prima start, mar ferlear wol fan koprinner SVZW. Martijn Groenewold iepene de skoare, mar foar rêst benutten de besikers in penalty. Yn de twadde helte rûn SVZW út nei in 3-1 oerwinning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)