Nije oplieding elektromonteurs

09 apr 2011 - 16:05

Der wurdt binnen trije jier in grut tekoart oan elektromonteurs yn Fryslân ferwachte. It tekoart hat foaral te krijen mei de fergrizing.

Om hjir wat oan te dwaan begjinne netbehearder Liander en it Friesland College tegearre in spesjale oplieding foar monteurs. Der is plak foar 40 learlingen. Dy krije har oplieding by it Friesland College en dogge praktykûnderfining op by Liander. De learlingen kinne nei har oplieding trochstreame nei in fêste baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)