Dronken fytser fan A31 helle

09 apr 2011 - 15:17

De plysje hat freedenacht in 17-jierrige jonge út Frjentsjer by Surch fan de dyk helle. De jonge wie dronken en fytste dêr op de autodyk.

Autobestjoerders hiene him sjoen en de plysje warskôge. Doe't dy him fûn hie fertelde de jonge dat er ûnderweis nei hûs yn Frjentjser wie. Mar hy fytste yn de rjochting fan 'e Ofslútdyk. De jonge moast mei nei it buro. Dêr krige er in bon foar it fytsen op de grutte dyk en ek omdat er dronken wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)