Kuierje lâns Nasjonale parken

09 apr 2011 - 13:36
  • Konikhynder mei foaltsjes yn Nasjonaal Park Lauwersmar

De sân Nasjonale parken yn Noard-Nederlân wolle in 350 kilometer lange kuierrûte meitsje dy't de natoergebieten mei-inoar ferbynt. By it projekt wurde ek de ûndernimmers belutsen. Doel is om de parken bekender te meitsjen.

Neist omtinken foar de natoer kinne minsken dy't de tocht, of in part dêrfan, rinne ek yn de kunde komme mei de streekkultuer. De rûtes komme yn de rin fan takom jier beskikber en dat sil foarearst allinnich digitaal wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)