Oplichter oppakt yn Drachten

De oplichter waard ûntmaskere by de Expert yn Drachten
In alerte ferkeaper fan elektroanikasaak Expert yn Drachten hat der foar soarge dat in oplichter (48) út Gieten tsjin de lampe rûn is. De man hie oer de email in tal laptops besteld en woe dy op rekken bestelle.
De ferkeaper fertrouwde de saak net en warskôge de plysje. Dy koe de man letter op de middei yn de winkel oan de Noarderbuert oanhâlde. Undersyk wiisde út dat de man fan mear oplichtingspraktiken fertocht wurdt. Hy moat ek noch 60 dagen sitte.